“Watfoar fleis sjochts hjir?” “Wat fynsto lekker?” It wiene fragen dy’t hjoed geregeld te
hearren wiene yn Sint Nyk. By lokale bedriuwen yn it doarp giene learlingen 
fan ferskate skoallen op paad om harren Fryske sprekfeardigens yn de praktyk te oefenjen.
Dat dienen sy tidens Taaldoarp Frysk, in gearwurking tusken basisskoallen, ûndernimmers, 
pabû-studinten en gemeente De Fryske Marren.

Yn lytse groepkes kamen de learlingen by dielnimmende bedriuwen lâns om yn it Frysk 
koarte petearen te fieren. Dit jier diene Wind Bloemen, kapsalon KapArt, Tres Vers, Jumbo en Drogisterij en Parfumerie De Magneet mei oan it Taaldoarp. De petearen waarden begelaat troch 
pabû-studinten fan NHL Stenden, dy’t ek de taalfeardigens fan de learlingen observearren. 

Mei Taaldoarp Frysk ûntdekke learlingen dat it Frysk net allinnich in fak op skoalle is, mar ek in taal 
dy’tst brûkst yn winkels, op strjitte en yn it deistich libben. De dielnimmende ûndernimmers meitsje 
dat mooglik troch in plak yn harren saak beskikber te stellen. 

Taaldoarp Frysk is in inisjatyf fan de Afûk en NHL Stenden en wurdt organisearre yn gearwurking mei gemeente De Fryske Marren.