Anne Wind út Penjum hat tiisdei 5 maart út hannen fan boargemaster Fred Veenstra de oarkonde krigen foar it finen fan it earste ljipaai fan gemeente De Fryske Marren. Dêrby krige hy ek noch syn fertsjinne finerslean. Hy fûn it aai op 5 maart, om 07.59 oere, op in stik lân by Ychtenbrêge.

De útrikking fûn plak op it provinsjehûs fan Ljouwert. Wind ûntduts tiisdei nammentlik in saneamd ‘twake’ wêrtroch’t hy yn ien klap it earste ljipaai fan Fryslân én dat fan De Fryske Marren fûn. Fan Arno Brok, kommissaris fan de kening, krige hy de ‘Sulveren Ljip’.